A7 ticht om gefaarlike stoffen

04 jun 2011 - 07:49

Op de A7 fan It Hearrenfean nei Drachten is sneontemoarn by Tsjalbert in ûngelok bard wêrby't in frachtwein en trije auto's belutsen wiene. Troch noch ûnbekende oarsaak kaam de frachtwein bryk te stean en rekke de fangrail yn de middenberm.

By de botsing wie ek in oanhingwein mei gefaarlike stoffen belutsen. De A7 fan It Hearrenfean nei Drachten is derom ôfsluten en sil yn de rin fan de moarn wer iepengean. Der binne gjin minsken ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)