A7 skoft ôfsletten nei ûngelok

05 jun 2010 - 13:55

De A7 by Drachten is freed ôfsletten nei't der in ûngelok west hie. By it ûngelok rekke nimmen ferwûne, mar der lei in buske op syn kant op de dyk. De 44-jierrige bestjoerder út Grins woe by Drachten de sneldyk ôf en de kant fan Fryskepeallen útride. Hy seach te let dat de auto foar him stadich ried.

Hy moast utwike en rekke de macht oer it stjoer kwyt. De man kaam mei de skrik frij. Neffens de plysje hie de man drank op. Hy wegere mei te wurkjen. Dêrom is syn rydbewiis ynnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)