A7 krijt nij asfalt tusken Boalsert en Snits

14 mrt 2016 - 08:43
  • It wurk oan de A7 begûn moandeitemoarn betiid by Boalsert

De A7 tusken Boalsert en Snits krijt nij asfalt. It âlde tichte asfalt wurdt ferfongen troch iepen asfalt (zoab). It ferkear moat sadwaande fan moandei ôf rekken hâlde mei tydlike ôfslutingen en oare ferkearshinder. Rykswettersteat stribbet der nei dat der altiten ien rydstrook beskikber bliuwt. Salang it wurk duorret jildt in ferlege maksimumsnelheid fan 70 kilometer de oere.

Fanwege wurk oan de Krúswetterbrêge by Boalsert wurdt de A7 fan Boalsert-East ôf yn de nachten fan 4 en 5 april folslein ôfsletten.

It ferkear wurdt dan omlaat oer de rûnwei fan Boalsert en de N359. Ek de op- en ôfritten fan Boalsert, Boalsert-East en Nijlân wurde tydlik ôfsletten. Op buorden lâns de wei wurdt oanjûn wannear't dat krekt it gefal is. Ek guon bushaltes binne tydlik net te berikken.

It giet neffens Rykswettersteat om regulier ûnderhâld oan de autodyk foar saken as asfaltearring, markearing, ûnderhâld oan de fangrail en de paadwizers. Neffens in wurdfierder fan Rykswettersteat wie de A7 tusken Boalsert en Snits wol bot oan it ûnderhâld ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)