A7 Hearrenfean wer iepen

02 mrt 2009 - 11:37
  • Mei in soad muoite waard de frachtauto wer rjochtop set (foto Dennis Stoelwinder)

De A7 tusken Drachten en It Hearrenfean hat moandei oerenlang ôfsletten west foar alle ferkear. Krekt foar achten kantele in frachtwein dy't út de rjochting fan It Hearrenfean nei De Jouwer gie. Doe't de auto de ôfrit ôfkaam rekke de wein út balâns en bedarre op 'e kant.

De Tsjechyske sjauffeur koe sels út de wein komme en is mei ferwûnings oan de holle nei de Tjongerskâns op It Hearrenfean brocht. Troch it ûngelok ûntstie in file fan 15 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)