A6 ticht nei deadlik ûngelok

10 mrt 2014 - 14:13
  • Plysje

De A6 yn de rjochting fan Fryslân bliuwt oant en mei trije oere moandeitemiddei ticht. Moarns wie der in swier ûngelok mei in frachtwein op de A6 tusken Lelystêd en Swifterbant. De sjauffeur ried mei syn frachtwein op in ridende ôfsetting en ferstoar op it plak fan it ûngelok.

De identiteit fan de sjauffeur is noch net bekend makke. De dyk is ticht fanwege it plysjeûndersyk en opromwurksumheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)