A6: Auto pear kear oer de kop

27 mrt 2010 - 14:37

In 56-jierrige automobiliste út Snits is freedtejûn op de A6 by Eastersee in pear kear oer de kop slein neidat se fan achteren oanriden wie. De 25-jierrige automobiliste út de Lemmer dy't har oanried socht om in cd en hie dêrom de eagen eefkes net op de dyk. Doe't er wer opseach koe er de auto fan 'e frou net mear ûntwike.

It slachtoffer is mei fewûning oan 'e rêch nei it sikehús yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)