A32 ticht foar it ferkear

26 sep 2009 - 09:13

In part fan de A32 is sûnt freedtejûn ôfsletten foar it ferkear yn ferbân mei asfaltearringswurk. It giet om it stik tusken de Werpsterhoeke en it knooppunt Hearrenfean. It stik dyk hat benammen te lijen hân fan de froast fan de ôfrûne winter. It ferkear wurdt omlaat fia de Wâldwei nei Drachten en fandêr nei It Hearrenfean.

Rykswettersteat hopet dat moandeitemoarn 6 oere de dyk wer frij-jûn wurde kin foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)