A32 oeren lang ticht nei ûngelok

18 des 2005 - 13:56

De A32 by Wolvegea hat snein oeren lang ôfsletten west nei in ûngelok. In frachtwein mei biten wie kantele. De frachtwein waard nachts ynhelle troch in persoane-auto. Dy auto wie troch snie of hagel yn in slip rekke en tsjin de frachtwein oankommen.

Yn earste ynstânsje wie de A32 yn beide rjochtingen ôfsletten omdat de dyk skjinmakke wurde moast. Oant snein healwei alven wie de dyk noch ôfsletten tusken Steenwijk Noord en Wolvegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)