A32 oanpakke om It Hearrenfean better berikber te meitsjen

17 apr 2015 - 10:25
  • A32

De A32 moat nedich oanpakt wurde om It Hearrenfean better berikber te meitsjen. Dat fine de gemeente, Rykswettersteat en de provinsje Fryslân. Op de A32 binne regelmjittich ferkearsopstoppings.

Om yn de takomst it groeiend oantal ferkearsdielnimmers feilich oer de A32 te lieden, wurdt der no wurke oan in struktuerfyzje. It kommend healjier sil de gemeente ek prate mei omwenners en ûndernimmers. Bygelyks watfoar oanslutings der komme moatte en oft in braaklizzend terrein rûnom de A32 brûkt wurde kin.

Yn 2018 soe úteinset wurde moatte mei de wurksumheden, en yn 2019 moat it ferkear dan oer de fernijde dyk ride kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)