A32 Ljouwert dit wykein stremd

14 sep 2006 - 12:53

Ferkearsdielnimmers dy't kommend wykein fan Ljouwert nei Snits of It Hearrenfean wolle, moatte in ein omride. De rûte giet dan oer Drachten.

De reden foar de omlieding is dat de dyk nei it suden Ljouwert út ôfsletten is foar alle ferkear. Der wurdt wurke oan de dyk tusken de Werpsterhoeke by Ljouwert en Wurdum. Automobilisten dy't nei Snits ta moatte, moatte 50 kilometer omride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)