A32: boat falt fan trailer

20 jul 2006 - 13:03

Op de A32 tusken Grou en Akkrum yn de rjochting Hearrefean is woansdeitejûn in boat dwers op de dyk telâne kommen. It polyester syljacht foel tsjin njoggenen fan in trailer, nei't dy de fangrail rekke hie by it slingerjen.

De auto waard bestjoerd troch in man (36) út Nes yn Boarnsterhim. Hy en syn 72-jierige passazjier út Hilversum kamen mei de skrik frij. Om sawat 23.30 oere koe it ferkear der wer gewoan del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)