A31 takom wykein ticht

10 apr 2008 - 11:46
  • Byld fan 'e Slachtemaraton

De A31 tusken Mullum en Frjentsjer is it wykein fan 19 en 20 april ôfsletten foar it ferkear. Dat is nedich om't de fuotgongersbrêge yn de Slachtedyk oanbrocht wurdt. De brêge is spesjaal makke foar de Slachtemaraton op 14 juny.

De dyk giet dan sneon om seis oere jûns ticht. It opûnthâld duorret oant sneintemiddei tolve oere. Ferkear wurdt omlaat. Der steane buorden mei omliedingsrûtes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)