SC Cambuur hat de útwedstriid tsjin FC Oss mei 3-2 ferlern. Soer foar de Ljouwerters, omdat it winnende doelpunt fan Oss fier yn de ekstra tiid foel. De makker wie Dammyano Grootfaam. Troch Mark de Vries wie Cambuur betiid op foarsprong kaam, mar Tim Nelemans soarge foar de 1-1 stân by it skoft. Dyselde Nelemans yn de 56e en Martijn Barto yn de 61e minút soargen foar de 2-2. Dêrnei krige El Makrini fan Cambuur syn twadde giele kaart en makke Jasar Takak syn earste spylminuten foar de Ljouwerters.
Cambuur-trainer Alfons Arts wie nei ôfrin yn mineur. Hy hie in minne wedstriid sjoen en wie min te sprekken oer it nivo fan syn ploech.
|
Rianne Hofman (17) fermist
22 feb 2012 - 19:33 |
|
Nijbou Thialf net by Sportstêd
22 feb 2012 - 18:30 |
|
Kooistra jout FNV-leden dien
22 feb 2012 - 15:05 |
|
Ofskiedtsjinst Gerrit Ybema
22 feb 2012 - 15:40 |
|
Besunigings by SC Hearrenfean
22 feb 2012 - 12:32 |