Rayonhaden yn Sint Nyk byinoar

De rayonhaden om 'e tafel yn Sint Nyk
Boubedriuw Van der Werf yn Sint Nyk

De rayonhaden komme sneintejûn byinoar yn 'e kantine fan boubedriuw Van der Werf yn Sint Nyk. Sjoernalisten fan Omrop Fryslân, it ANP en de NOS steane yntusken foar de doar fan it bedriuw te wachtsjen op de komst fan de 22 rayonhaden.

Eigener Van der Werf fan it boubedriuw is bestjoerslid fan it alvestêdebestjoer. De rayonhaden komme yn de kantine fan it boubedriuw byelkoar foar in ynventarisearjende gearkomste, wêrby't de sitewaasje fan it iis op de rûte besprutsen wurdt.

Ut in earste rûntsje dat de redaksje fan Omrop Fryslân by in tal rayonhaden makke hat, docht yntusken bliken dat in Alvestêdetocht noch fier fuort is. Yn trochsneed is der 15 sintimeter nedich wylst der op guon plakken noch mar 4 sintimeter leit. It bestjoer fan de ferieniging de Friesche Alvestêden jout moandeitemoarn om healwei tsienen in parsekonferinsje oer de útkomsten fan de gearkomste. Dizze parsekonferinsje wurdt live útstjoerd op Omrop Fryslân Radio en Televyzje.


Besjoch ek...

15 mei 2012 - 08:05
30 apr 2012 - 16:13
17 apr 2012 - 09:38
9 apr 2012 - 20:42
25 mrt 2012 - 09:54

(advertinsje)

See video

(advertinsje)

It nijs yn 1 minút

(advertinsje)

Reade Tried

Wa't in Facebook-account hat, moat net seure oer privacy
Iens, tsjinwurdich wurdt werklik alles dield. Gjin wûnder dat advertearders dêr ynteresse yn hawwe
42%
Ûniens, dat ik sels in Facebook-account ha wol net sizze dat myn gegevens as hannelswaar brûkt wurde meie
36%
Wit net, ik sit net op Facebook
21%
Totaal tal stimmen: 113

Wat fine jo derfan?

readetried@omropfryslan.nl

antwurdapparaat: 058 7009 777

Of fol hjir it formulier yn.

Nijs NOS.nl