Liveblog | 17 augustus 2020

Simmerblog: Simmer yn Balk

Omrop Fryslân is moandei de hiele dei yn Balk. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.
Lêst bywurke: 21 augustus 2020, 11:03
moandei 17 augustus 2020
17:45

Ein fan dit simmerblog

We binne oan de ein fan dit blog yn Balk, tank foar it folgjen!
Tiisdei binne we yn Dokkum, oant dan!
Besjoch hjir de telefyzje-útstjoering:
17:20

Balkster fan it jier

We slute de dei ôf mei in bysûndere ynwenner, Siebe Kooystra. Hy is de Balkster fan it jier en krige dêrfoar De Bûterblom fan Balk. "Dy priis kin je krije as je in boel dogge foar de Balkster befolking. Ik ha by it pleatslik belang sitten, de oranjeferiening, de fuotbalferiening, follybalferiening, ik ha diskjockey west. Allegearre as frijwilliger", sa seit Kooystra.
Kooystra wol nea mear fuort út Balk. "It moaie oan Balk is dat der hiele freonlike minsken wenje. It is hiel gastfrij. En we ha yn it doarp de âlde styl in bytsje behâlde kinnen", sa seit Kooystra.
Ferslachjouwer Jantine Stoffers by Siebe Kooystra
Siebe Kooystra © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
16:20

Miniatuerskûtsjes

Frou Overdiep sei it sa krekt al: yn Balk ferfele je je nea. Sels net yn coronatiid. Doe't elkenien oan it begjin fan de coronakrisis thússiet koene se yn Balk harren dwaande hâlde mei it meitsjen fan miniatuerskûtsjes. "In de eerste week hebben we het geraamte gemaakt, in de tweede week de huid aangebracht en in de vierde week hebben we uiteindelijk de afwerking gedaan", seit ien fan de bouwers, Jos Wieggers.
De inisjatyfnimmer Harry Schadenberg hie yn in leechsteande winkel yn Balk foarbylden set. "Als we een deel van het pakket hadden gekregen zei Harry als je het wil weten fiets langs de winkel dan weet je hoe je het moet maken. Veel hebben dat gedaan, maar sommige hebben ook hun eigen fanatasie gebruikt. En dat zie je terug", seit Wieggers.
De boatsjes waarden yn july úteinlik tentoansteld. "Je zag dus dat mensen zich helemaal lekker hebben uitgeleefd. Je zag de mooiste dingen voorbijkomen", seit ... Minsken dy't no sels ek in skûtsje bouwe wolle ha gelok, want yn septimber begjint der in nije ronde.
Jos Wieggers
Jos Wieggers by de skûtsjes © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
15:40

Bûterhûs

Balk is in doarp dat bekend stiet om de bûter, dus ferslachjouwer Jantine Stoffers koe 't Bûterhûs yn Balk fansels net oerslaan. Eigener Engelien Bouma hat dêr al fiif jier in kofje- en teeskinkerij mei in winkeltsje. "It is in Ryksmonumint. We ha it eins rêden fan de sloop. We ha it kocht yn 2015, doe stie it al fiif jier leech. Troch wetterskea en de leechstân fertutearze it hielendal. Doe binne wy der ynsprongen, en ha we it restaurearre. Yn in jier, mei in oannimmer. Dus dat wie in hiel soad wurk", fertelt Bouma.
It bedriuw is no in wurk- en learlokaasje foar ferstanlik beheinden. "Ik ha in oplieding aktiviteitebegelieding dien, dus it wie ien fan ús doelen om dêr wat mei te dwaan. It is hiel moai, se binne hiel grutsk as it slagget mei in bestelling of bygelyks in appeltaart bakke."
Ferslachjouwer Jantine Stoffers yn it bûterhûs
Engelien Bouma yn 't Bûterhûs © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
15:10

Frou Overdiep fan 100 jier

Ferslachjouwer Jantine Stoffers is op besite by frou Overdiep, dy't koartlyn 100 jier wurden is en al 73 jier yn Balk wennet. "Ik bin troch de ferkearing nei Balk kaam. Dêr binne we krekt nei de oarloch in boekhannel en drogisterij begûn", seit frou Overdiep. "It moaiste wiene de ferhalen natuerlik. Ik wist altyd fan dy is siik en dy is yn ferwachting, en dy moat in drankje hawwe. Ik wist fan alles. Dat is it moaie fan in doarpke", seit frou Overdiep.
Se wol nea mear wei út Balk. Mar wat makket it doarp no sa moai? "De gesellichheid. Der wiene ferskillende ferieningen, wêr't je mar by wolle dat is der. Je ferfele je noait hjir", seit frou Overdiep.
Frou Overdiep (rjochts) mei har dochter Trix © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Frou Overdiep en har dochter Trix yn petear mei ferslachjouwer Jantine Stoffers
13:40

Feestwike giet net troch

Gewoanwei hie fan sneon ôf in feestwike west yn Balk, mar fanwegen it coronafirus kin dat dit jier net trochgean. "Dat is hartstikke skande. Wy hiene it graach oars sjoen, mar wy wolle hjir ek gjin sike minsken ha", seit Femke Tijsma fan it bestjoer fan de feestwike. Aktiviteiten as in beach-event mei beachfollybal en 'voetvolley', nifelaktiviteiten foar de bern, fytse en klaverjassen foar de âlderein en in feestjûn gean allegearre net troch.
"Earst moasten we alles ôfsizze, mar doe kamen der ferrommingen. We ha noch besocht wat te dwaan, mar mei de oardel meter ôfstân en alles wat der by komt ha we dochs sein it net te dwaan. Mar we besykje yn it nije jier dûbeld feest te hawwen", seit Lianne fan it bestjoer.
Femke en Lianne fan it bestjoer fan de feestwike