Nyck de Vries nei Renaultklasse

Nyck de Vries op in kart © Omrop Fryslân
Nyck de Vries fan Snits makket takom seizoen de oerstap nei de Formule Renaultklasse. De Vries behelle ôfrûne wykein syn twadde wrâldtitel by it karten en stapt no oer nei de grutte auto's. Uteinlik moat it liede ta de ultime dream, in plak yn de Formule 1.
De pas 16-jierrige Snitser wûn dit seizoen njoggen fan de tweintich races yn syn klasse, Hy stiet bekend as grut autosporttalint. 'Ik ben erg blij dat ik de kartsport zo kan afsluiten en kijk uit naar de volgende stap', sa fertelt De Vries.