Blog: Home sweet home

Tour de France by Omrop Fryslân
Ik bin wer thús.
Nei twa wiken sit it der op. Hie graach langer wollen hear, mar dat sit er gewoan foar ús as relatyf lytse Omrop net yn. Juster om healwei sânen fuortriden út Annecy, jûns om tsien oere thús, camper skjinmakke en twa oere op bêd. Fan 'e moarn acht oere der wer ôf en de camper wer ynlevere yn Aldegea (www.camper-verhuur.nl). It wie in geweldige reis, in fantastyske ûnderfining en ik hoopje dat je dizze blog mei in soad plezier lêzen ha. Twitter: @Roelofdevries83