Fûgelwacht Balk tsjin bou fillapark yn suksesfol greidefûgelgebiet

De fûgelwacht Balk hat grutte beswieren tsjin de komst fan in fillapark by Balk. In fêstgoedbedriuw fan It Hearrenfean wol op it plak fan camping Marswâl 43 lúkse fakânsjefilla's bouwe. Mar krekt yn dat gebiet dogge greidefûgels as de skries, de ljip en de ljurk it goed.
Bou villa's Balk giet ten koste fan greidefûgels
Dit neijier noch moat de skeppe de grûn yn, seit direkteur Hans van der Mijl fan Kontour Vastgoed fan It Hearrenfean. "De gemeenteraad neemt als het goed is in september een besluit. Dan willen we toch echt graag snel beginnen. Volgend jaar kan dan de bouw van de villa's beginnen." Dat is al ôfhinklik fan de ferkeap fan de hûzen.
Van der Mijl is derfan oertsjûge dat hy de filla's sa kwyt is. "Er is zeker een markt voor. Het klopt, ze zijn duur. De goedkoopste zijn rond de zes ton, de duurste goed een miljoen. Maar een vergelijkbaar project bij Delfstrahuizen was snel verkocht. Dat verwacht ik hier ook."
© Omrop Fryslân
Wat de winske snelheid fan de projektûnwikkelder al yn it paad stean kin, binne de beswieren fan ûnder oare fûgelwacht Balk en omkriten. "Dit plan kin sa net trochgean. Dit is ien fan de meast suksesfolle greidefûgelgebieten fan Fryslân. Wy ha dan ek in sjenswize yntsjinne", seit fûgelwachter Pieter Veenstra. "Der is troch Kontour ûndersyk dien nei de impact op de natuer, mar dat foldocht lang net oan alle easken. Sa ha se yn febrewaris sjoen oft der greidefûgels sitte. Ja, dat wurket fansels net."

Nei de rjochter

Boppedat, sa seit Veenstra, wurdt goede grûn opoffere oan wetter en wenten wylst it al sa min giet mei de greidefûgels. Mocht de gemeenteried ynstimme mei de plannen, dan tinkt de fûgelwacht Balk en omkriten deroer om nei de rjochter te stappen.
Neffens Van der Mijl is yn de plannen rekken holden mei de greidefûgels. "We doen wel degelijk aan compensatie. We moeten elders weidevogelland beschikbaar stellen en dat hebben we gedaan. Verder bouwen we het niet vol. Ik mag hier meer villa's neerzetten, maar we hebben juist gekozen voor een open structuur." Ek moat der foar elke kapte beam in nije plante wurde.
© Omrop Fryslân
Op camping Marswâl sit de famylje Schipper. Se komme al fyftjin jier nei de camping om te genietsjen fan de Sleattemer Mar en alle romte. "We zijn mensen van het water. Dat hebben ze bij ons in Vaassen bij de Veluwe niet", seit Schipper. It soe mooglik de lêste kear wêze dat de famylje de simmerfakânsje trochbringt op de camping.
Mar, de Schippers sjogge de plannen noch net sa ien-twa-trije trochgean. "Ik heb de afgelopen tien jaar al gehoord dat er gebouwd gaat worden. Ik zit hier nog steeds. Voor volgend jaar heb ik dan ook nog geen andere plannen gemaakt. Ik moet het allemaal nog maar zien. Maar zou het doorgaan, dan is dat echt jammer. Vooral voor het verlies van de campingplaatsen."

Noed oer ferdwinen campingplakken

Dat is ek de miening fan Balkster Belang. Wytze Bouma makket him der al soargen oer dat der hieltyd mear campingplakken ferdwine. "Minsken kieze foar lúkse", seit Bouma. Tsjin de bebouwing sels hat Balkster Belang net in soad beswieren. Al oer hoe't de filla's ferhierd wurde. "It soe skande wêze as de djoere huzen mar in pear wiken yn it jier bewenne wurde. Eigeners hoege net te ferhieren, de measten ha dat mooglik ek net nedich."
© Omrop Fryslân