Ferbod op trekkers by boereprotest yn provinsje Utrecht

De Veiligheidsregio Utrecht hat mei direkte yngong in demonstraasjeferbod foar trekkers ôfkundige yn de hiele provinsje. Aksjegroep Farmers Defence Force (FDF) hie oankundige woansdei te demonstrearjen by it RIVM yn De Bilt. Neffens de feilichheidsregio koe FDF net oanjaan hoefolle trekkers op de demonstraasje ôfkomme soene.
Foarutsjen op boereprotest
Boppedat hat FDF sein dat se der gjin ynfloed op útoefenje kinne hoefolle boeren meidwaan wolle. Neffens de feilichheidsregio is dêrmei der in grut risiko dat der tefolle trekkers ôfreizgje sille. Dat soe de feilichheid yn gefaar bringe kinne. Dêrom wurdt der in ferbod ynsteld foar it demonstrearren mei trekkers op de iepenbiere dyk, parkearplakken en oare iepenbiere plakken.
It ferbod jildt foar tiisdei en woansdei. Der mei wol troch minsken demonstrearre wurde, mei maksimaal 2000 persoanen op 1,5 meter fan inoar op de oanwiisde demonstraasjelokaasje Biltse Rading.

Reaksje FDF

Farmers Defence Force seit dat de aksje nettsjinsteande it ferbod trochgiet. "Skande dat we no pas reaksje krigen ha foar in aksje dy't al in wike lyn oanmeld is en wêr't we oant hjoed (tiisdei, red.) tastimming hiene foar trekkers en minsken", seit Sieta van Keimpema, wurdfierder fan FDF yn reaksje op it ferbod fan de feilichheidsregio.
Van Keimpema ropt boeren wol op om mei de auto nei it protest te kommen en dus net mei de trekker.
Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force oer it trekkerferbod