9,5 tûzen euro foar keatsbal

15 apr 2013 - 22:32
  • Sulveren keatsbal

De bysûndere sulveren keningsbal út 1756 dy't moandeitejûn feild is by Feilinghûs Ald Fryslân hat 9,5 tûzen euro opbrocht. Ald-juwelier Klaas Kramer fan Tsjom wûn de feiling. Twa jier lyn kocht hy op de feiling ek alris in sulveren keatsbal.

Kramer is grut keatsleafhawwer en hat sels ek faak soksoarte ballen makke, as priis foar keatspartijen. Neffens feilingmaster Dijkstra wiene der trije serieuze bieders. Alle trije komme út Fryslân. Foarôf waard hope dat de bal yn Fryslân bliuwe soe. Dat is dus slagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)