Brân by kleanmakkerij en waskerij op It Hearrenfean: gebou fol reek

De brânwacht op It Hearrenfean is tiisdeitemoarn útriden foar yn brân oan de Lindegracht. In foarbygonger hie sjoen dat it gebou fan kleanmakkerij anneks waskerij Modres fol reek stie en belle fuortendaliks de helptsjinsten.
© ProNews
De brânwacht hat de wenningen boppen de winkel ûntromme en is dêrnei de waskerij yngien. Wat krekt yn brân stie, is op dit stuit noch net dúdlik. De brânwacht koe de oarsaak fan de brân net mear efterhelje. De brânwacht koe it fjoer wol rap útmeitsje. By de brân is gjinien ferwûne rekke.
Yn july 2017 wie der ek al brân by Modres. Doe ûntstie it fjoer troch koartsluting.