Sirkus Saranti nei Switserlân

It Ljouwerter jeugdsirkus Saranti sil yn augustus meidwaan oan in grut festival yn Switserlân. Saranti sil mei tsien artysten ôfreizgje nei Basel om dêr twa topakts sjen te litten. It giet dan om in akt mei in ientsjiller dêr't se al ris in earste priis mei wûn hawwe en in komyske trampoline-akt. Oan it festival dogge sirkussen mei út hiel Eruopa.
It is ek de bedoeling om kontakten te lizzen mei oare sirkussen foar de organisaasje fan Kulturele Haadstêd fan 2018.