Minder hierwenten ferkocht

09 jul 2012 - 12:56

De kommende jierren wurde mar 50 fan de 300 hierwenten yn lytse doarpen yn Dantumadiel ferkocht. Dat is de útkomst fan in nij wenakkoart dat de gemeente sletten hat mei wenningkorporaasje Thús Wonen. De korporaasje woe fanwege de krimp op termyn alle hierwenten yn lytse doarpen ferkeapje. Allinnich yn Damwâld, De Westereen en Feanwâlden wurde nije hierwenten boud.

Thús Wonen seit dat troch in kommunikaasjeflater der in ferkeard byld ûntstien is en dat se nea de yntinsje hawwe om út de doarpen wei te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)