Seldsume serken fûn yn tsjerke

09 jul 2012 - 12:27
  • grêfserken
  • grêfserk
  • tsjerke Pitersbierrum

Yn de tsjerke fan Pitersbierrum binne twa seldsume midsieuske grêfstiennen fûn. It giet om serken út de 15de ieu fan grêven fan twa prysters. De grêfstiennen binne fûn troch de eigner fan de tsjerke yn Pitersbierrum, keunstner Klaas Werumeus Buning.

De grêfskriftekommisje fan de Fryske Akademy hat de teksten op de serken ûntsifere. Dy binne net yn it Latyn mar yn it Middel-Nederlânsk. Op ien fan de serken stiet in wapen dat it âldste yn syn soart is dat ea yn Fryslân fûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)