9200 jonge ipen plante

24 nov 2011 - 11:50
  • In rige ipen

Yn Fryslân wurde de kommende jierren 9200 jonge ipen plante. De ôfrûne jierren binne in soad beammen kapt fanwege de ypsykte, mar dy sykte is hast folslein ûnder kontrôle. Fan de 9200 jonge ipen komme 4000 oan de Fryske Waadkust. De oaren komme rûnom yn de provinsje. De yp docht it yn tsjinstelling ta oare beamsoarten goed yn de klaaigrûn by it Waad. De ipen wurde plante oan wegen, op boerehiemen en yn terpdoarpen.

De kosten fan it plantsjen fan de ipen binne 3,5 miljoen euro. It grutste part dêrfan komt út it Waadfûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)