9/11 yn Fryslân ek fan ynfloed

10 sep 2011 - 12:59
  • Nusret Karaoglu (foto: Omrop Fryslân)

De oanslaggen fan 9/11 yn Amearika hawwe ek fan grutte ynfloed west op de maatskiplike ferhâldings yn Fryslân. Sa hat de moslimmienskip yn Snits de doarren iepenset om útlis te jaan oer de Islam.

Snein is it tsien jier ferlyn dat twa fleantugen harren yn de tuorren fan it World Trade Center yn New York boarren en in fleantúch op it Pentagon delstoarte. De oanslaggen waarden útfierd troch moslimekstremisten. Dat ferhurde de hâlding foar moslims oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)