Wethâlder Hoekstra slacht twa jier nei de brân earste peal nije sporthal Burgum

Hast twa jier nei de brân is de bou fan de nije sporthal yn Burgum tongersdei offisjeel begûn. Westermar is in duorsume sporthal mei in fleksibele yndieling. Sa kinne de tribunes yn- en útklapt wurde, as dat nedich is.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Alle sporters en ferienings út Burgum en omkriten kinne telâne yn sporthal Westermar. De gemeente Tytsjerksteradiel hat 9,9 miljoen beskikber steld foar de bou fan de sporthal. In part fan dat jild komt út de útkearing fan de fersekering foar de ôfbaarnde sporthal.
Oer de nije sporthalplannen is hiel wat ôfpraat yn Burgum. De gemeente woe yn earste ynstânsje in 'sobere sporthal' bouwe, mar in boargerinisjatyf fan Burgumers en ek Burgumer sportferienings seagen dat as in miste kâns.

Foar fjirtich jier

Foar in wat gruttere ynvestearring krijt Burgum no in multyfunksjonele sporthal mei fleksibele tribunes, in sportkafee en romte foar ferskate sportaktiviteiten tagelyk. Neffens wethâlder Gelbrich Hoekstra giet it om in 'djipte-ynvestearring' foar in jier as fjirtich.
De foarsjenning is wat har oanbelanget net allinnich foar sporters bedoeld, mar ek foar minsken dy't noch net sporte. "It wurdt in iepen park, dêr't alle doelgroepen telâne kinne. As gemeente wolle we it sporten graach oanmoedigje." Frou Hoekstra fynt dat de ekstra ynvestearring wol wat tafalt. "De multyfunksjonele hal kostet ús 8.000 yn 't jier ekstra. Dat is te oersjen, want de enerzjyrekken fan it nije gebou wurdt hiel leech."
Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei Piet Herder fan de stjoergroep
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Wethâlder Gelbrich Hoekstra
It is de bedoeling dat de nije sporthal yn septimber 2020 yn gebrûk nommen wurde kin. Yn Burgum wurdt dêr no al nei útsjoen, want in soad ferienings moatte no noch útwike nei oare lokaasjes foar harren binnensport. Ek fúzjefuotbalklup FC Burgum wol graach gebrûk meitsje fan de nije sporthal.