Gea leit slopen peallen stil

07 jul 2012 - 14:34
  • It Fryske Gea
  • peal IFG
  • peal IFG
  • peallen IFG

It slopen fan de âlde seekearingspeallen op de Biltpollen boppe Sint Anne wurdt moandei dochs stillein. Dat hat It Fryske Gea besletten nei de berjochtjouwing dêroer by Omrop Fryslân. Sneon hat der kontakt west tusken it Gea en de bewenners fan de Nije Biltdyk dy't de saak oan it rôljen brochten. Sy fine it skande dat de âlde houten peallen, dy't foarhinne tsjinnen om it bûtendyks lân te beskermjen, samar fuorthelle wurde.

Neffens Gea moat dat omdat it fee ferwûne reitsje kin troch útstekkende stikken tried en spikers by de peallen.

De bewenners sille no moandei of tiisdei mei it Gea besjen oft der in oare oplossing is. Moandei soene oars de lêste peallen al fuorthelle wurde. It Fryske Gea wist net dat it fuortheljen fan de houten peallen sa gefoelich lei, erkent in wurdfierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)