'16%-heffing ramp earedivyzje'

07 jul 2012 - 14:28

De kontinuïteit fan de earedivysje komt yn gefaar. Dat seit direkteur Robert Veenstra fan Sportklup Hearrenfean. Veenstra is benaud dat de fuotbalklup aanst 1,5 miljoen euro ekstra kosten hat. Dat komt troch in krisisheffing dy't de Kunduz-koalysje foar 2013 ynfiere wol. Dêryn stiet dat wurkjouwers by salarissen heger as 150.000 euro in heffing betelje moat fan 16%.

In grut part fan de betelle fuotbalspilers sit boppe dat bedrach en dus moat SC Hearrenfean flink mear belesting betelje.

Dêrneist sille ek de kosten fan plysje-ynset trochberekkene wurde. Neffens Veenstra wurde de fuotbalklups dêrtroch ûnevenredich hurd troffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)