Blog: Nynke, de Rabo's en de Harkiten

07 jul 2012 - 12:50

Juster efkes gjin blog. Man, man, man, wat in dei juster. Rêstich begûn de dei yn Reims. Fan dêrút in stikje ride nei Épernay. Dat is de sjampanjehaadstêd. En dat sjochst. Moaie fjilden met strûken. Allinnich wol frjemd dat guon fan dy fjilden oan de snelwei lizze. Kin noait goed wêze. Moarn in sjampanje-ontbijt by de start yn it village-départ.

Doe op nei Metz, nei de finish. Wat in bende dêr. In ferskriklik soad minsken en it is min regele. Oeral leit ôffal en stiennen en minsken rinne oer elkoar hinne. Leuk hear, dat Centre Pompidou, mar fan my hie it dêr net hoecht.
Yn Metz treffe we freonen fan Pieter Weening. Syn broers Eddy en Willem, Frank Wierstra (sels ek in goeie hurdfytser), Wieger Faber (wennet yn Ingelân en no oerkaam foar de Tour) en Johan den Hoedt. En dat is in goed stel hear. Nei de finish en de hektyk ride we nei La Planche des Belles Filles. Yn Metz wie de stimming net geweldich mear. Lieuwe wie foar de tredde kear fallen en hat in seare heup. Bauke Mollema falt ek en ferliest dik twa minuten. De sfear by de Rabobank is min. No falt my sawiesa op dat de sfear by de Rabobank oars is as by de oare ploegen. By Vacansoleil en Orica GreenEdge is de sfear folle relaxter. Dêr meitsje se in praatsje mei dy, fine se it leuk datst der bist. By de Rabobank sjogge se dy somtiden mei de nekke oan. Yn de begelieding dan hear. Sa’n Bauke Mollema is in ferskriklik sympatike jonge.
As ik oankom by de bus hear ik in werkenbere stim. Se hat in grutte bril op, dus ik moat efkes in pear sekonden goed sjen. Ferrek, it is Nynke de Jong. Nynke kin ik fan it programma Under Fjoer. Dat wie in programma fan dik tsjien jier lyn. Jongeren mochten doe bekende Nederlanners ynterviewe, lykas Agnes Kant of Mart Smeets. Nynke en ik dus ek. Nynke docht ik no ferskriklik goed. Moai om te sjen. Se hat in boek skreaun ‘Vrouw kijkt sport’, se skriuwt kollums foar û.o. NRC Next en de Ljouwerter Krante en sa kin ik noch wol efkes trochgean. Nynke is jûn (sneon) te gast by de Avondetappe, by Mart Smeets. “Benijd of hy my nei tsien jier noch kin. As ik dat ynterview no werom sjoch, skamje ik my dea tink ik.” Ik moat har tink ik gelyk jaan.

We binne no dus yn La Planche des Belles Filles. De berch fan de moaie froulju. Yn de tiid fan de Noarmannen flechten de moaiste froulju nei de top fan de berch. We stean mei de camper oan it begjin fan de col njonken de freonen fan Pieter. En dêr fermeitsje we ús bêst. De Harkiten ha in aggregaat by harren, kollega Andries hat in moai skermke regele en sa kinne we de koers ek noch folgje. De spandoeken hingje. De moaiste: Pieter en Lieuwe, trek aan die veter.
Miskien dat we jûn nei de Avondetappe gean. Fia, fia krije we it adres dêr't it programma útstjoerd wurdt. “Maar vertel het niet verder alsjeblieft.” Se binne oars bang dat der hûndersten skreauwende Hollanners komme. En dat wolle se net. Miskien dat we dêr hinne gean, mar it kin ek bêst wêze dat we hjir bliuwe. It is smoardrok en as we hjir jûn fuortgean, kinne we wolris hiel lang yn de file stean. Mar it is gjin straf. We fermeitsje ús hjir wol mei dy Harkiten.

Trefwurden: 
argyf Tour de France
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)