Swimbad Schatzenburg wer iepen

Noch net earder binne safolle abonneminten ferkocht foar swimbad Schatzenburg by Menaam as dit jier. Dat is opmerklik, want de iepening fan it bûtenswimbad hat noch nea safolle problemen jûn. Behearder Van Booma en de gemeente hiene in juridysk konflikt oer stikkene liedingen en de offisjele iepening fan 1 maaie waard lang net helle.
Uteinlik waard Van Booma troch de eigners ûntslein, mar doe die bliken dat der yn en om it bad fan alles fernield en fuorthelle wie. Dat is no makke en sneon is it bad foar it earst dizze simmer wer iepen.