Poarte Uniastate moat opknapt

07 jul 2012 - 11:28

De poarte fan Uniastate yn Bears is yn sa'n minne steat, dat noch dit jier in needreparaasje nedich is. De gemeente Littenseradiel stelt dêr in pear tûzen euro foar beskikber. Fan dy sinten moat it dak makke wurde, mar ek de achtergevel hat driuwend in opknapbeurt nedich.

Oan de achterkant fan de poarte is koartlyn in monumintale gevelstien nei ûnderen fallen, presys op it plak dêr't ek de 2000 besikers alle jierren lâns komme. De stien hat flinke skea oprûn en in gat yn it paad achterlitten. De opknapbeurt moat nei de simmer begjinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)