Tsjummearum wol sportplein

Doarpsbelang Tsjummearum wol in multyfunksjoneel sportplein oanlizze midden yn it doarp. It giet om in soarte fan keatsfjild dêr't ek de mooglikheid komt om oare sporten dwaan, lykas fuotbal, follybal en jeux de boulles. It sportplein moat oanlein wurde by in gersfjild foar sporthal De Harnehal.
De grûn dêr is fan wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland. Mei-inoar kostet it projekt 55.000 euro. Dat bedrach is noch net hielendal binnen, mar der binne al wol ferskate subsydzjes tasein.
Doel is dat nei de simmer úteinset wurdt mei de oanlis fan it fjild.