Piip Eastersee stiet te keap

De piip fan Eastersee stiet te keap foar 10.000 euro. Dat befestiget Pleatslik Belang Eastersee. KPN wol der fan ôf neidat se de piip jierren brûkt ha. Wat der no mei barre moat en wa't it keapje wol, is noch folslein ûndúdlik.
Doarpsbelang is foarearst net ynteressearre, want it smyt gjin jild op wylst it ûnderhâld wol jild kostet. Lang net elkenien yn it doarp is der ek fan oertsjûge dat de piip bewarre bliuwe moat. Hy fluitet mei hurde wyn en it foechsel falt nei ûnderen ta. Oan de oare kant heart de piip wol by it byld fan Eastersee.