Blog: Falpartijen en hotels

04 jul 2012 - 21:34

It wie hjoed eins, foar it earst, in bytsje in saaie dei. De rûtine komt der sa stadichoan in bytsje yn, we witte wêr't we wêze moatte, mar it ferfelendste is noch: de etappe fan hjoed (woansdei) wie neat oan. En dy fan moarn (tongersdei) sil net oars wêze. Dat wurdt wer in massasprint. Boppedat wie it fan start nei finish noch gjin oerke riden foar ús, dus kamen we betiid oan yn Rouen. Wol in aardich plak, mei finish oan de Seine.

Justerjûn hiene we in moai campingplakje. In oere as healwei alven, it wurk oan de kant, achteroer yn de stoel, as we ynienen Frysk hearre. In man út Drylts. Hy reizget in wike mei de Tour mei. Pilske der by en wat ouwehoere. Leuk no.

Hjoed nei de finish ynterviews dien mei Adri van Houwelingen (ploechlieder Rabobank) en Lieuwe Westra. Lieuwe hie in prima dei, gjin problemen. Foar him seach hy in flinke groep fallen, twa kilometer foar de finish. "Dizze kear hie ik gelok." Juster wie der wol fallen en hie er lêst fan syn knibbel, mar dat herstelt prima. Mar dochs, sa frege ik my ôf, wurde je dêr net ferskriklik eangstich fan, al dat fallen? "Neuh, as eltsenien sa rêstich bliuwe soe as ik, soene der gjin falpartijen mear wêze." Was getekend, Lieuwe Westra.

Nei de koers, ride we nei it Novotel yn Rouen. Dêr wêr't ek Vacansoleil, Rabobank, Sky, Cofidis en Lampre oernachtsje. Al dy hotels stean yn it dikke Tourboek oanjûn. Sa no en dan sliepe we mei de camper by in hotel sadat we fergees wifi (ynternet) ha. It ferstjoeren fan lûd of bylden kostet nochal wat mb's en dus jild.
It hotel stie min oanjûn. In frjemd adres. Mar ynienen sjogge we de Vacansoleil bus. Dêr mar achteroan, dan komme we der wol. Mar de Belgyske bussjauffeur hat itselde probleem. Ek hy rydt ferkeard en moat in pear kear draaie. Dat is keunst hear, ride yn sokke gigantyske bussen. En dus ride we foarop, de bus achter ús oan. Dan slaat de bus ôf, mar trije minuten letter komme we, alle twa fan in oare kant, by it hotel oan.

En sa stean we no op it parkeerterrein tusken de grutte bussen. Sa no en dan ris in frjemde blik. Kint skele juh, we binne moai fuort no.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)