Blog: Earst in dûs, dan fisk

03 jul 2012 - 21:16

Justerjûn (moandei), krekt nei de etappe, ha ik myn ynterviews monteard en dizze blog bywurke. As ik de camper útstap stiet Filemon Wesselink foar myn noas. "Hebben jullie misschien even twee glazen voor ons?" is syn fraach. Filemon reizget tegearre mei Bart Meijer (presintator Klokhuis) foar Radio 1 en Studio Sportzomer mei de Tour de France mei. Hy makket ûnder oare in itemke "het etappe-wijntje" al giet it dizze kear om in pilske. Nei syn opnamen, wêrfan wy it dekôr binne, skowe se by ús oan en drinke we der ientsje. Leuke keardel, dy Filemon. Hy hie krekt itselfde gefoel as ik: Kuifje yn Wielerland. Ek foar it earst, geweldich om dit mei te meitsjen.

We sliepe op in grut gersfjild, krekt achter de finish. Jûns om alve oere is it hielendal leech en is it krekt as hat de Tour de France hjir noait west. De oare moarn ride we nei Orchies, 20 kilometer fierderop. We ride de Frânske grins oer en sa Bretagne binnen. Mar omdat we net fan de sneldyk ôfkomme, stiet it hiel min oanjûn hoe't we by de start komme. Fiif plysjes letter ha we it dan dochs fûn. Wer falt op hoe min de gendarmerie en de Frânsen yn it algemien Ingelsk prate. "Ou est Parking de presse? -Tresse? Non, Presse. -Fresse? Nóóón, PARKING DE PRESSE. -Aah, oui, oui." Sucht...

By de start hear ik ynienen achter mei: "Ah goeie." Twa Friezen op de fyts. Ut Wynjewâld. "Ja, we hiene jim camper al sjoen." Machtich moai no. Moarn tusken de middei is it ynterview op de radio te hearren.

Middeis ride we mei de koers mei. Tsjongejonge, wat in gekkehûs. En wat wurde je der wurch fan. Trijekwart fan de koers ha ik sels riden. Yn de camper wol te ferstean, mar toch. Draaie, keare, lytse doarpkes, smelle strjitsjes, files en bergen. Ik wie al kapot, lit stean hoe't de hurdfytsers harren fiele. En hoe bizar om te sjen hoe't de minsken oan de kant fan de wei reageare ast foarby rydst. By lytse bern begryp ik it noch. Mar folwoeksen minsken dy't as gekken nei dy swaaie en glunderje as in lyts bern ast op de toeter drukst. Dat toeterjen is ferskrilik wichtich. Yn elts plakje dêrst komst, binne fan dy 90 graden bochten. Sjochst dus neat. Dus elke kear toeterje datst der oankomst. Mar dan noch griist it my sa no en dan oan, hoe't it kin dat it meastentiids goed giet. Benammen lytse bern huppelje mar wat rûn. Eangstich om te sjen. Gelokkich ha ik in wâldpyk mei (Andries Hoekstra, sjauffeur mei ûnderfining en sjoernalist fan de LC), dy jout nergens om.

No binne we hast klear, op syk nei in camping. De ôfrûne dagen moasten we it dwaan mei wetter út de kraan en in waskhantsje. Ik ha no sin oan in dûs. En dêrnei sykje we in restaurant út. Itenside yn sa'n camper giet prima, mar Boulogne-sur-Mer stiet bekend om syn fisk. Nomnomnom.

Twitter: @RoelofdeVriies83

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)