Fallisemint driget foar Parnas

De gemeente Ljouwert hâldt 160.000 euro beskikber om it opheffen fan keunstesintrum Parnas finansjeel ôf te hanneljen. It giet ûnder oare om it regeljen fan de ûntslaggen fan de dosinten.
Ut in ynventarisaasje dy't Parnas dien hat docht bliken dat de organisaasje sels net mear genôch jild hat. Sûnder it jild fan de gemeente driget in fallisemint.
Parnas is op 13 july foar it lêst iepen. It offisjeel opheffen kin noch wol jierren duorje.