9000e optreden Hessel

19 aug 2011 - 15:29
  • Hessel
  • Hessel syn kafee De Groene Weide

Sjonger Hessel fan Skylge fiert sneon syn jubileum as artyst. Yn fjirtich jier tiid hat er njoggentûzen kear foar de gasten fan syn kafee De Groene Weide optreden. Hessel waard yn 1985 lanlik bekend en hat twa kear foar in útferkocht Ahoy spile. Der wiene ek optredens yn Vredenburg, op Thialf en yn de Heineken Music Hall.

De kroan op it wurk is de ferkiezing ta 'Kafee fan it jier 2011'. Yn 1979 die Hessel noch alles sels, no hat er hast 25 man personiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)