90.000 minsken op iepen dei

06 jul 2001 - 00:00

De earste iepen dei fan 'e Ljouwerter fleanbasis luts freed sa'n 90.000 besikers. De dei ferrûn sûnder problemen, al hiene guon besikers wol lest fan 'e waarmte. De brânwacht spuite dêrom terrein en benammen jonge besikers wiet.

De minsken kamen benammen foar de bysûndere militêre fleantugen en de fleandemonstraasjes. Op de twadde iepen dei wurde mear as 100.000 minsken ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)