90 tips yn saak-Vaatstra

24 mrt 2009 - 11:10
  • Parse-offisier Mous: alle tips wurde besjoen

Sa´n njoggentich nije tips binne der yn totaal binnenkommen oer de saak-Vaatstra nei oanlieding fan it televyzjeprogramma Het Zesde Zintuig op 19 maart. In dei nei de útstjoering wiene der al 22 tips. By justysje stiet de teller no op hast sechstich en by de famylje Vaatstra op tritich.

Plysje en justysje binne dwaande de wearde fan ´e tips te ûndersykjen. Marianne Vaatstra waard yn ´e nacht fan 30 april op 1 maaie 1999 fermoarde yn in stik lân by Feankleaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)