90 kilo amfetamine opspoard

12 apr 2011 - 10:01

De plysje hat sneon yn Easterwâlde in partij fan 90 kilo amfetamine fûn mei in strjitwearde fan hast in miljoen euro. De plysje kaam de drugs op it spoar troch ûndersyk nei in gefal fan ôfpersing en mishanneling.

Sneon waarden trije fertochten oanhâlden út Easterwâlde en Etten-Leur. By it trochsykjen fan it hûs fûn de plysje de drugs. De fertochten sitte fêst en wurde tiisdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)