90-jierrige frou oerfallen

27 sep 2004 - 12:03

In 90-jierrige ynwenster fan It Hearrenfean is sneontemiddei oerfallen yn har wenplak. De frou waard troch twa jonges oansprutsen. Ien fan de jonges frege de wei nei it plysjeburo, wylst de oare jonge de beurs fan de frou út de fytstas pakte.

In tsjûge krige ien fan de jonges te pakken. De oare naaide út. De plysje hat dy jonge letter ek noch oppakt. It giet om twa minderjierrige jonges fan It Hearrenfean en Wolvegea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)