90 banen fuort by Sionsberg

23 maaie 2013 - 19:49
  • De Sionsberg

Sikehûs de Sionsberg yn Dokkum skrast in tredde part fan it oantal banen: 90 formaasjeplakken wurde skrast. Allinne as der sterk sanearre wurdt kin it sikehûs behâlden bliuwe. Nei de sanearring bliuwe alle sikehûsfunksjes wol behâlden en it sikehûs bliuwt ek 24 oeren deis iepen. Foar de ein fan it jier moat de ôfslankoperaasje dien wêze.

De meiwurkers dy't harren wurk ferlieze, hearre dat yn de earste wike fan septimber. De Sionsberg sit yn finansjeel swier waar en sil dit jier in miljoeneferlies meitsje.

Fakbûn CNV seit yn in earste reaksje dat se skrokken binne fan it grutte tal minsken dat der út moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)