9 km yllegale snoekbearsnetten

28 apr 2004 - 00:00

It streuperijteam fan de plysje en de Algemiene Ynspeksjetsjinst yn Fryslân hat dit seizoen njoggen kilometer oan yllegale snoekbearsnetten boppe wetter helle. Dat is twa kilometer mear as ferwachte.

It team is benammen fan de hjerst oant en mei de maitiid fûl op snoekbears- streupers. De lêste moannen wurdt it al wer wat rêstiger. Dat kin wêze om't de streupers de kâns dat se betrape wurde, wat te grut fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)