9 jier foar winkeloerfaller

10 nov 2009 - 14:30
  • Dief út Zandvoort krijt 9 jier sel en TBS

In ynwenner fan Zandvoort is troch de Ljouwerter rjochtbank feroardiele ta njoggen jier sel en TBS mei twangferpleging. De 42-jierrige man hat neffens de rjochtbank yn maaie dit jier fiif winkels yn it Noarden mei geweld oerfallen. It giet dan ûnder oare om de Bentex yn Burgum, de Zeeman yn Stiens en de Schlecker yn Wolvegea.

Tsjin de man wie ein oktober njoggen jier selsstraf en tbs mei twangferpleging easke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)