Anne Tauber pakt nominaasje foar Olympyske Spelen 2020

Mountainbikester Anne Tauber fan Oranjewâld hat in nominaasje te pakken foar de Olympyske Spelen fan takom jier yn Tokio. By de wrâldbekerwedstriid yn Albstadt (Dútslân) waard se fjirde op har 24e jierdei.
Anne Tauber (argyf) © www.orange-pictures.nl
De mountainbikers kinne yn it foar sels wrâldbekerwedstriden oanwize as nominaasjemomint. In plak yn de top seis is dan genôch foar in nominaasje. Dêroan foldie Tauber dus.
De oerwinning yn Albstadt wie foar Kate Courtney út Amearika. Sy bleau Jolanda Neff út Switserlân foar.

Noch net wis fan Tokio

Hielendal wis fan de Olympyske Spelen is Tauber lykwols noch net. Anne Terpstra út Zierikzee kin ek noch in nominaasje pakke. As dat Terpstra slagget, dan is it noch ôfwachtsjen. It hinget dan fan de UCI-ranglist ôf oft Nederlân ien of twa mountainbikesters nei Tokio stjoere mei.