Doarp Oranjewâld beskerme
Oranjewâld hat freed offisjeel de status fan beskerme doarpsgesicht krigen. Neffens de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod is de rige lânguodwenten fan nasjonaal belang fanwege de kultuerhistoaryske betsjutting.
It is net sa dat alle gebouwen yn it gebiet automatysk monumint wurde. Oranjewâld krige yn de 17e ieu syn namme fan prinsesse Albertine Agnes van Nassau.