Blog: Wy binne los. En hoe!

28 jun 2012 - 19:02
  • Tour de France by Omrop Fryslân

Fan 'e moarn om sân oere binne we fuortgong. Yn de camper. Wat in machtich gefoel jout dat. Earst wie it wol efkes wenne, mar nei in pear minuten giet it prima yn sa'n grutte bus.

Troch in tal fan files kamen we eins te let. Mar efkes belje mei Lieuwe Westra en klear. Dy man is sa relaxed. In foarbyld foar guon oare sporters. "Lieuwe, we komme letter. Hoe slim is dat?" Lieuwe: "Hindert neat, ik ha it wol oan tiid. Ik wachtsje wol efkes." Lieuwe hie it eins net hielendal oan tiid, want hy moast in heal oere letter nei in gearkomste fan de ASO, de organisaasje fan de Tour. Foar útlis oer de prosedueres. Moarns hie er al in medyske keuring hân. Gjin probleem.
It ynterview ferrûn prima. Lieuwe hat der sin oan, rjochtet him op de tiidritten en oanfalle. Mar oars as ferline jier, mear mei de hânrem. Mear oer Lieuwe is werom te finen op ús sportpagina.
Krekt nei it praatsje mei Lieuwe, draaie we ús om en sjogge we de bus fan Orica GreenEdge, it team fan Pieter Weening. En noch gjin minút letter rint Pieter fan de trep ôf. "Ynterviewke Pieter? - Ja, bêst."
En sa begjint de earste dei goed. Goeie produksje en no útwurkje. Yn in bloedhite lobby fan in ferskriklik hotel by it fleanfjild fan Luik. En ik bin benijd nei jûn. Piet foarspelt min waar en we stean op it festivalterrein fan Rock Werchter. Sis mar it Pink Pop fan België. Ik hoopje mar dat we net yn de blabber telâne komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)