"As wy minder wetter op de baan set hiene, hie it kinnen"

It iis leit der prachtich by, mar de iisbaan fan Burgum is ticht. Omrop Fryslân-ferslachjouwer René Koster frege wat der oan de hân is. De iisbaan is in skeelerbaan dy't ûnder wetter set wurdt, mar hoe, dat moat noch leare.
© Omrop Fryslân. René Koster
Ferslachjouwer René Koster op de iisbaan fan Burgum (1)

Net genôch draachflak

"Sneintemoarn hawwe wy 4 oant 5 sintimeter iis metten, mar ûnder it iis siet ek noch 1 oant 1,5 sintimeter wetter. En dan hawwe jo net genôch draachflak", fertelt Willem Provily foarsitter fan de Burgumer iisklup. "As wy minder wetter op de baan set hiene, hie it kinnen." Provily doelt op de earste maraton op natueriis fan Nederlân.
Sûnt oardel jier hat Burgum in saneamd Wetter- en Willepark, as kompensaasje fan de nije dyk de Sintrale As. In 400 meter skeelerbaan is dêryn in wichtich ûnderdiel. Simmerdeis kin der skeelere wurde en winterdeis riden op iis. De baan waard ein ferline jier oplevere.

Learmomint

It is foar de iisklup yn Burgum noch wol wat eksperimintearjen hoe't se it it bêste oanpakke kinne. Wat dat oanbelanget, is it foar harren ek in learmomint. In maraton yn de takomst miskien? "Dat soe kinne, mar dan moatte wy wol op 'e tiid begjinne mei de tariedings, lykas kontakt opnimme mei de KNSB en in evenemintefergunning oanfreegje", seit Willem Provily. Mooglik kin yn de takomst yn Burgum de earste maraton op natueriis fan Nederlân ferriden wurde.
Ferslachjouwer René Koster op de iisbaan fan Burgum
© Omrop Fryslân, René Koster