Aris jout grutte foarsprong út hannen, mar wint dochs fan Donar

Basketbalklup Aris hat snein foar in grutte stunt soarge troch thús fan Donar te winnen: 65-60. De Ljouwerters hiene lang in grutte foarsprong yn hannen, joegen dy yn it fjirde kwart fuort, mar wiene yn de slotfaze it ferstannichst.
David Michaels (argyf) © www.dijksfotografie.nl
Aris begûn hiel sterk oan de wedstriid en stie nei it earste kwart al mei trettjin punten foar: 25-12. Healwei it twadde kwart wie it ferskil sels even njoggentjin punten. Dêrnei kaam Donar wol wer wat werom yn de wedstriid. Sa wie de stân by it skoft 41-26.
Benammen David Michaels en Nick Masterson wiene op skot yn de earste twa kwarten. Sy soargen elk foar alve punten. Michaels die dat ûnder oare troch trije trijepunters.
It skoft wie net skealik foar it ritme fan Aris, want de ploech fan Tony Van den Bosch konsolidearre de foarsprong yn it tredde kwart.

Sensasjonele slotfaze

Dêrnei gie it lange tiid dochs hielendal ferkeard foar de Ljouwerters: Donar kaam hurd werom, benammen troch Teddy Gipson. De spulferdieler soarge yn koarte tiid foar alve punten, mei ûnder oare trije trijepunters. Mei noch oardel minút te gean makke Griffin Kinney boppedat in oertrêding op Gipson, doe't dy oanlei foar noch in trijepunter. Gipson skeat se alle trije raak en dêrmei wie it wer hielendal gelyk: 60-60.
Kinney makke syn flater goed troch Aris wer op foarsprong te setten. Gipson, dy't sa goed wie yn it fjirde kwart, miste dêrnei in lay-up, wêrnei't Kumelis der noch 63-60 fan makke mei ien rake frije worp.
Donar wie it kwyt: Shane Hammink ferspile de bal troch in steal fan David Michaels. Dêrnei begie Donar-feteraan Jason Dourisseau in ûnsportive flater en dêrmei krige Aris nochris twa frije worpen. David Michaels bleau kalm en bepaalde de einstân op 65-60.

Statistiken

Nick Masterson wie by Aris topskoarer mei 16 punten. Hy wie ek de lieder yn in negative statistikekategory, want hy ferspile fiif kear de bal. Griffin Kinney wie mei 14 punten en 14 rebounds ek wichtich foar de Ljouwerters.